Wim Stroetinga twadde yn Gent

25 nov 2013 - 07:04

Baanhurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is der snein net yn slagge de 73e edysje fan de Seisdaagse yn it Belgyske Gent op syn namme te skriuwen. Tegearre mei de Belch Iljo Keisse waard Stroetinga twadde. De winst gong nei de Belch Jasper De Buyst en de Dútser Leif Lampater.

Stroetinga en Keisse gongen de slotdei yn mei in ronde foarsprong, mar ferspilen dizze marzje yn de tiidrit. It brûns wie foar it Belgyske duo Kenny De Ketele en Gijs Van Hoecke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)