Slotten iepenje yn Snits

24 nov 2013 - 16:20
  • Slotten iepenmeitsje

In ynternasjonaal selskip hat dit wykein yn Snits hurd wurke om de wrâld in stikje feiliger te meitsjen troch sa gau mooglik slotten iepen te krijen. Yn de Stay Okay wie it evenemint LockCon; in byienkomst fan minsken dy't der niget oan hawwe om slotten iepen te krijen. Meastentiids is dat in hobby, mar guon minsken ha der har wurk fan makke. Se teste slotten foar fabrikanten sadat se dy noch better meitsje kinne of besykje yn opdracht gebouwen yn te kommen om de feilichheid te testen.

Underdiel fan de byienkomst wie ek in Iepen Nederlânsk Kampioenskip slot iepenmeitsje. De dielnimmers kamen út ferskate Europeeske lannen en út Amearika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)