Grutte himpplantaazje oprôle

De plysje hat sneintemiddei in grutte hennepplantaazje yn Ljouwert oprôle. Yn it eardere gebou oan de Kelvinstrjitte fan Westermann Installaties stienen 1300 planten. De planten stienen yn ferskate romten. Neffens de plysje wie de plantaazje profesjoneel ynrjochte. De plysje hat spoare-ûndersyk dien en siket noch nei de eigener. De stroom is ôfsletten, de apparatuer wurdt yn beslach nommen en de planten sille ferneatige wurde.