Stienleafhawwers op beurs

24 nov 2013 - 15:28

Hûnderten bern en leafhawwers fan stiennen hawwe dit wykein nei Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert west. De ôfrûne twa dagen wie dêr it jierlikse wykein fan de geology. Neist tal fan aktiviteiten as it úthakken fan fossilen koenen besikers ynformaasje krije oer stiennen dy't se sels fûn hawwe. It inisjatyf foar dit wykein komt fan de geologyske feriening Gea Kring Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)