Priis doarpstún Snakkerbuorren

De doarpstún yn Snakkerbuorren is sneon keazen ta Groen Dichterbij Icoonproject 2014 foar de provinsje Fryslân. It krige 20.000 euro. Yn de doarpstún kweke 50 frijwilligers grienten, fruit en blommen. Se jouwe ek les oan bern. It jild wolle se brûke foar mear edukaasje. De oare nominearren yn Fryslân wiene in folkstúnprojekt yn Easterwâlde en de doarpstún fan Heech. Groen Dichterbij is in inisjatyf fan ûnder oare IVN en it Oranjefonds. It is bedoeld om buertbewenners mei elkoar wurkje te litten oan in grienere buert.