Fuotbalfroulju klopje Grikelân

It Nederlânske frouljusfuotbalalvetal hat sneon yn Rotterdam mei 7-0 wûn fan Grikelân yn de kwalifikaasjewedstriid foar pleatsing op it WK yn 2015 yn Kanada. Yn dat team sit Sherida Spitse út Snits. Se spilet foar FC Twente. Vivianne Miedema skoarde trije kear.
De spits fan SC Hearrenfean is mei har 17 jier in supertalint, mei 21 goals by SC Hearrenfean en sân goals yn 200 minuten by it nasjonale alvetal stiet sy boppe oan yn de boekjes fan scouts.
It wie de fjirde wedstriid yn de kwalifikaasjeronde. Nederlân stiet no twadde yn de pûl achter Noarwegen. Beide lannen ha njoggen punten, mar Noarwegen spile ien wedstriid minder.