Ljouwerter man mishannele

Geweld © Omrop Fryslân
In 47-jierrige Ljouwerter hat sneontejûn in plakgenoat fan 29 jier mishannele. De plysje krige in melding fan in fjochtpartij yn in wenning oan de Schieringerweg yn Ljouwert. Doe't de plysje dêr oan kaam, hie it slachtoffer al flink wat klappen krigen. Hy is nei it sikehûs brocht. De fertochte sit fêst. It is noch net dúdlik wat de oanlieding wie foar de mishanneling.