Dwerse Feansters oppakt

Plysje-embleem © ANP
Twa manlju fan 40 en 43 jier binne sneontenacht op It Hearrenfean oanhâlden. De plysje krige in melding dat op de Gedempte Molenwijk in frou op strjitte lei en gie derhinne. Ambulânsepersoniel hat de frou medyske soarch jûn. De twa fertochten wienen dronken en bemuoiden har mei it wurk fan dy ambulânsemeiwurkers en fan de plysje. Nei't se oansprutsen waarden op har ferfelende gedrach, waard wat hinne en wer treaun en oaren bemuoiden har der ek mei. De plysje hat de beide mannen út de gemeente Hearrenfean meinaam nei it buro.