Swier ferwûne nei flinke fal

24 nov 2013 - 10:39

In 26-jierrige man út Leiden is sneontejûn swier ferwûne rekke nei't er yn restaurant oan de Nijstêd yn Ljouwert trije meter nei ûnderen fallen wie. It slachtoffer hearde by in groep dy't siet te iten yn it restaurant. In tal minsken fan dy groep gie nei de smokersromte op de earste ferdjipping. Yn de flier seagen se twa lûken. Ien dêrfan diene se iepen. De man út Leiden foel troch it lûk en klapte trije meter leger op de grûn. Hy hie swiere ferwûnings en is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Dêrnei is er nei it sikehûs yn Grins ferfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)