Doarpshûs Tsjom wurdt opknapt

© Omrop Fryslân/Geale Groen
Doarpshûs De Moeting yn Tsjom ynvestearret 350.000 euro yn it opknappen fan it gebou en hydraulyk om de twa biljetten sakje te litten, sadat der romte komt foar oare aktiviteiten yn it doarpshûs. It systeem wurdt al yn profesjonele hoarekabedriuwen brûkt, mar noch net yn gelegenheden as doarpshuzen.
De ferbouwing moat dit jier plakfine, mar it wachtsjen is noch op wat jild fan oerheden en fûnsen. As alles binnen is kin it wurk los. Dat mei ek wol, want it is 20 jier ferlyn dat it doarpshûs ferboud is.
It pân moat in kwast farve hawwe en der moat hjir en dêr wat reparearre wurde.