Lintsje foar Harnzer Koning

24 nov 2013 - 10:31

De 55-jierrige Dirk Koning hat sneontejûn yn de brânwachtkazerne yn Harns in keninklike ûnderskieding krigen. Boargemaster Sluiter rikte dy út. Koning is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy wie fan 1988 oant april dit jier yn tsjinst by de frijwillige brânwacht fan Harns. De lêste fiif jier wie er ek lid fan it dûkteam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)