Nominaasje frijwilligerswurk

24 nov 2013 - 10:26

De gemeenten Littenseradiel en Smellingerlân binne nominearre foar de Mear as Hannen Frijwilligersprizen 2013. Ut goed fjouwerhûndert ynstjoerings binne 24 projekten nominearre yn fjouwer kategoryen. Littenseradiel en Smellingerlân binne nominearre yn de kategory gemeenten. De Mear as Hannen Frijwilligersprizen binne in inisjatyf fan it ministearje fan VWS. Dat wol it frijwilligerswurk sa yn it sintsje sette. Sjueryfoarsitter Annemarie Jorritsma makket 7 desimber de winners bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)