Dokkumer sintrum himmelje

24 nov 2013 - 10:21

De gemeente Dongeradiel ropt de ynwenners en de ûndernimmers op om op 9 desimber de binnenstêd fan Dokkum skjin te meitsjen. Neffens de gemeente is it in mienskiplike ferantwurdlikheid om te soargjen foar in oantreklik sintrum. Dokkum is troch de Consumentenbod útroppen ta ien fan de 25 moaiste stêden fan Nederlân. Dongeradiel tinkt dat in moaie binnenstêd foar de hiele regio fan belang is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)