Mear molke nei tsiisfabryk

23 nov 2013 - 14:02

De A-ware Food Group wol de kapasiteit fan it tsiisfabryk op It Hearrenfean trije kear sa grut meitsje. Dêrfoar siket it bedriuw nije melkfeehâlders dy't mei elkoar jierliks 200 miljoen liter molke leverje kinne. Oant no ta hie it tsiisfabryk ôfspraken makke foar it leverjen fan 100 miljoen liter molke yn it jier.

Neffens A-ware is de fraach út it bûtenlân nei Nederlânske suvel de ôfrûne periode bot groeid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)