Jild foar plattelânsprojekten
Plattelânsprojekten fan de provinsje Fryslân hat goed 500.000 euro oan ferskate projekten yn de provinsje jûn. Sa krijt de Stichting Doarpstsjerke Mitselwier 50.000 euro om de ryksmonumintale tsjerke te behâlden en kin Skûlenboarch mei in subsydzje fan 30.000 euro in strân oanlizze. Yn totaal hawwe 16 projekten jild krigen. Ein fan dit jier hâldt de provinsje op mei plattelânsprojekten. Fan 2014 ôf wurket Fryslân mei it wetterskip en de gemeenten gear yn saneamde streekaginda's.