CDA: noed oer oanpak guozzen

De CDA steatefraksje hat noed oer it draachflak ûnder de boeren foar de nije oanpak fan guozzen lykas ôfpraat is mei de natuerorganisaasjes en boere-organisaasje LTO. Neffens dy ôfspraken wurde guozzen dy't hjir winterdeis út fan hûs binne safolle mooglik mei rêst litten. Dat is fan novimber oant en mei maart.
Fierder wurdt besocht om it tal guozzen dat hjir it hiele jier sit, oan te pakken. Dat kin troch guozzen te fergassen mei CO2. Dêr is tastimming foar nedich út Europa en dy proseduere komt dreech op gong.
As dy tastimming der komt, wol it CDA dat deputearre Kramer yn aksje komt om it Nederlânske regear sa fier te krijen dat sy dy oanfraach ek yntsjinje. De partij wol fierder dat fuort nei de saneamde winterrêst foar de guozzen besjoen wurdt hoe't dat útpakt hat foar de boeren.