Kramer: net bliid mei EK-plan

23 nov 2013 - 11:55
  • Sven Kramer

Reedrider Sven Kramer is net bliid mei it plan fan de KNSB om fan it EK Allround in lytse fjouwerkamp te meitsjen. Dat seit er yn De Telegraaf. It reedrydbûn wol by de manlju de 10 kilometer ferfange troch in ôfstân fan 3 kilometer en by de froulju de 5 kilometer ynwikselje foar in 1000 meter. De KNSB leit de plannen yn juny 2014 oan de ISU foar. Kramer soe graach sjen dat de KNSB har ynset om it allrounden Olympysk te meitsjen yn stee fan it EK te degradearjen ta in lytser toernoai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)