Studinten krije mear help

23 nov 2013 - 10:26
  • De NHL yn Ljouwert

Mei proefstudearje en petearen mei stúdzjebegelieders hopet de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden potinsjele studinten sneon te helpen in goede kar te meitsjen foar in geskikte oplieding. Fan dit jier ôf is in wet fan krêft dy't der foar soargje moat dat der net safolle studinten op in let momint achterkomme dat sy foar in ferkearde oplieding keazen ha.

Dêrom moatte sy harren no foar 1 maaie oanmelde. Hûnderten minsken kamen sneon ôf op de iepen dagen fan de trije hegeskoallen yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)