Nije natuer Fryske Marren

Om de skea oan de natuer troch it Fryske Marreprojekt te kompensearjen, wurdt nije natuer oanlein. Dat hawwe de provinsje, it wetterskip en de natoerorganisaasjes ôfpraat. Op it stuit is der hast gjin jild foar de oankeap en ynrjochting fan nije natuer, mar yn acht gebieten feroaret dat, trochdat der gearwurke wurdt mei it Fryske Marreprojekt.
Konkreet giet it dan om projekten om de Snitsermar hinne, de Wite en Swarte Brekken, Terkappelster Puollen, Heech, Blauhúster Puollen, It Heidenskip en de Galamadammen.