Fjirde winst Flyers op rige

22 nov 2013 - 22:33

De UNIS Flyers binne dwaande mei in moaie searje. Freedtejûn waard op it eigen Thialf-iis Geleen mei 8-1 ferslein. Foar de Flyers de fjirde winst op rige. De perioadestannen tsjin de nûmer lêst fan de earedivyzje wiene 3-0, 1-1 en 4-0. Kevin Bruijsten en Sander Dijkstra wiene beide goed foar twa treffers. De Flyers stean op it tredde plak mei 19 punten út 13 wedstriden. Den Haach is de nûmer twa mei 20 út 14, Tilburch is koprinner mei 28 punten út 15 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)