Twadde kear Explore the North

Sneon set de twadde edysje fan festival Explore the North útein. In festival mei muzyk en poëzij yn de binnenstêd fan Ljouwert. Sa'n 40 optredens fine dit jier op wol hiel bysûndere lokaasjes plak. Under oare de Kânselarij yn it âlde gebou fan it Frysk Museum en de Steateseal yn it provinsjehûs wurde brûkt.
Yn de Steateseal mei gjin drank skonken wurde om't de seal kwetsber is. Op de oare plakken kinne de besikers wol in drankje bestelle. Der is in soad belangstelling, mar der binne noch kaarten, seit organisator Sjoerd Bootsma.
Sneontejûn bringe dichters, muzikanten en freonen in oade oan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga, dy't yn maart fan dit jier ferstoar.