'Net mear publyk KNSB-plannen'

Ald-reedrider Rintje Ritsma sjocht net folle heil yn de plannen fan 'e KNSB. It reedridersbûn wol de 10 kilometer ôfskaffe foar it Europeeks Kampioenskip Allround. By de froulju moat de 5 kilometer fuort. It bûn sil it foarstel yn juny oan de ynternasjonale reedrydfederaasje ISU foarlizze.
De KNSB wol mei de foarstellen it reedriden oantrekliker meitsje. In oar foarstel is om it EK ien kear yn de twa jier op in bûtenbaan te hâlden. Ritsma tinkt lykwols net dat der mear publyk nei it reedriden komt troch de foarstellen.