Sykaksje nei man mei mes

22 nov 2013 - 16:04

De plysje hat freedtemiddei in sykaksje hâlden nei in blanke man dy't mei bloed op him en in mes op de Fjouwerhústerwei by de Ljouwerter Bosk sjoen west hawwe soe. De plysje sette ek in boargernetaksje op om de man te finen.

De man wie keal. Hy hie in swarte jas oan en in rêchsak om. Hy wie neffens de plysje yn de war. De man hie in mes by him, mar der is gjin sprake fan in stekynsidint, seit de plysje. Nei in oere is de plysje ophâlden mei sykjen. De man is net fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)