Dyk Stiens-Marsum iepene

Mei fjoerwurk is freed de nije ûntslutingsdyk tusken Stiens en Marsum iepene. De dyk is nei twa-en-heal jier no klear. Hy hat 29 miljoen euro koste. De nije dyk moat alle ferkear út it noarden rjochting Harns of It Hearrenfean om Ljouwert hinne liede.
Deputearre Sietske Poepjes iepene de nije dyk. Se gie mei minsken dy't útnoege wiene de bus yn om de rûte te ferkennen.