Eikrem en Nwofor misse PSV

SC Hearrenfeanspilers Magnus Eikrem en Uche Nwofor misse de útwedstriid fan kommende sneon tsjin PSV. Eikrem hat lêst fan de hamstring en Nwofor is blessearre oan it ankel. Spits Samir Fazli is der ek net by. Hy is blessearre oan de knibbel.
Hearrenfean giet by winst yn de kompetysje oer PSV hinne. De Brabanners steane ien plak heger, ha ien punt mear, mar ek in wedstriid mear spile.
De wedstriid wurdt sneontejûn fan 18.45 oere rjochtstreeks útstjoerd. Om 19.45 begjint Cambuur-NEC en dêr is Omrop Fryslân ek live by.