Sûkerbiten smite minder op

22 nov 2013 - 14:27
  • Sûkerbiten
  • sûkerbyt

Fryske bouboeren sille minder jild krije foar sûkerbiten. Dat is alteast de ferwachting fan Upt Hiddema fan boere-organisaasje LTO Noard. De sûkerpriis op de wrâldmerk is histoarysk leech troch in sûkeroerskot. Boeren oer de hiele wrâld hawwe de ôfrûne trije jier mear sûker produsearre as nedich.

Op it stuit giet it noch wol goed mei de biteprizen op de Nederlânske merk, mar santich oant tachtich prosint fan de Nederlânske sûker giet nei it bûtenlân. Dêr is de priis hiel leech, dus de Fryske boeren sille dat aanst ek yn de beurs fernimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)