Ynintings op 'mûzelsskoalle'

Meiwurkers fan de GGD Fryslân hawwe freedtemoarn op basisskoalle Matthijsje yn Easterstreek fyftjin learlingen, learkrêften en famyljeleden in faksinaasje tsjin de mûzels jûn. De faksinaasje wie frijwillich, om't earder op de skoalle 25 bern siik wurden wiene en learkrêften en famyljeleden ek klachten krige hiene.
Mei om't yn Nederlân ek noch in mûzels-epidemy hearsket, waard freed in faksinaasjepost yn de skoalle ynrjochte. Fan de 25 minsken dy't siik thús sieten, binne neffens de skoaldireksje tsien wer better.