Oare tiden trein en bus

22 nov 2013 - 11:56

Arriva feroaret mei yngong fan 15 desimber de tiden fan guon bussen. Doel is dat dy better oanslute op de treinen. Der komt ek in bettere sprieding fan bussen dy't fan It Hearrenfean oer Snits nei Boalsert ride. De Opstapperbus kriget fiif ekstra rûtes.

Guon treinen Arriva krije ek nije tiden. It giet om de betide treinen fan Harns en fan Starum nei Ljouwert. Dy moatte tenei better oanslute op de treinen nei Zwolle en Grins. De stoptrein nei Grins rydt jûns in pear kear ekstra.

Trefwurden: 
Arriva
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)