Huzemerk lûkt oan

22 nov 2013 - 10:49

Yn oktober binne yn Fryslân 358 huzen ferkocht. Dat is 33% mear as yn oktober ferline jier. De huzeferkeap is dêrmei yn Fryslân folle hurder foarútgien as yn de measte oare provinsjes fan Nederlân. Fanwege de lege huzeprizen en de lege rinte besykje wer mear minsken in hûs te keapjen. Boppedat nimt it konsumintebetrouwen wer ta.

Makelers en hypoteekferkeapers hawwe it drok op it stuit. Guon kantoaren lûke dêrom wer meiwurkers oan. Makeler Jannet Hoekstra hat der wol betrouwen yn dat it herstel trochsette sil.

Ek huzen dy't al lang te keap stean, reitsje sa njonkenlytsen ferkocht. It hûs fan Zylstra yn Oentsjerk hat 2,5 jier te keap stien. Der kamen geregeld sjoggers, mar guon fan harren heakken ôf, omdat se it eigen hûs mar net kwyt reitsje koene. Om it hûs lang om let ferkeapje te kinnen waard de fraachpriis mei 16 persint ferlege. Dat hat holpen, want tongersdei kaam de ferkeap lang om let foarinoar.

De ferbettering fan de huzemerk jildt foaral foar it goedkeapere segmint. De huzemerk foar de wat djoerdere huzen is neffens saakkundigen noch hieltiten 'dreech'.

Trefwurden: 
huzeferkeap huzemerk makeler
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)