Fakânsjefoto's 10 jier te let

22 nov 2013 - 10:14

In famylje yn Surhústerfean kriget tsien jier nei datum dochs noch foto's fan harren fakânsje yn Noarwegen. De famylje rekke yn 2003 de digitale kamera kwyt, doe't dy yn in rivier foel. It tastel waard dit jier fûn troch in Dútser. Dy ûntduts op ien fan de foto's in Nederlânsk kenteken. Mei help fan de plysje yn Amsterdam waard de eigener fan it kenteken achterhelle.

De Dútser sil de foto's no nei de famylje yn Surhústerfean maile. Neffens de plysje is de famylje bliid, mar ek fernuvere dat de foto's werom binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)