'Spuitfrije sône Aldemardum'

De gemeente De Fryske Marren moat regelje dat der in spuitfrije sône komt by Aldemardum. Sa kin foarkommen wurde dat bewenners opnij lêst krije fan fergif dat brûkt wurdt by it ferbouwen fan leeljes. Dat seit bewenner Klaas Keesman, nei it sjen fan de útstjoering fan Zembla tongersdeitejûn. Dat programma gong foar in grut diel oer de sûnensklachten fan bewenners fan Aldemardum.
De klachten ûntstiene yn maart fan dit jier, doe't sân fan it behannele stik lânbougrûn troch hurde wyn yn de huzen en tunen bedarre.
Oft de spuitfrije sône der ek komt, is mar de fraach. Neffens Klaas Keesman kin de gemeenteried der wol ta beslute, mar sille lânbou-organisaasjes it beslút fia de Ried fan Steat weromdraaie. Hy hopet dêrom dat de lanlike polityk it oppakt en de regels oanpast.