KNKB bynt striid mei want oan

It moat út wêze mei it keatsen mei wanten dy't net oan de regleminten foldogge. Dat sei KNKB direkteur Geert Faber tongersdeitejûn op de algemiene ledegearkomste fan it keatsbûn. Yn de ôfrûne jierren is der troch keatsers geregeld keatst mei wanten dy't behannele binne mei epoksy. Dêrtroch wurdt de want bikkelhurd en nimt de slachkracht ta. Dat moat út wêze fynt de KNKB.
It keatsbûn sjocht ek nei syn eigen rol. Der is de ôfrûne jierren geregeld geknoei mei wanten konstatearre, mar der binne noait maatregels tsjin de keatsers naam.