Wike foar ûndersyk Hearrenfean

In ûnôfhinklik ûndersyk moat binnen in wike mear dúdlikens jaan yn de mailaffêre by de gemeente Hearrenfean. It Bureau Integriteit Nederlandse Gemeenten (BING) sil dat ûndersyk dwaan. De gemeenteried hat dat tongersdei besletten. BING moat fan de ried net allinnich ûndersykje oft de regels wol neilibbe binne, mar ek in oardiel jaan oer de yntegriteit fan alle belutsenen.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan liet ferline wike it mailferkear fan riedsleden ûndersykje, om in lek nei de Ljouwerter krante te achterheljen.
Ut it ûndersyk die bliken dat wethâlder Age Hartsuiker de ynterne mail trochstjoerd hat nei in fraksjegenoat en dat dy him nei de krante trochspile. Nije wike woansdei sil de gemeenteried de útkomsten fan it ûndersyk fan BING beprate.