Trije himpkwekerijen oprôle

21 nov 2013 - 19:00

De plysje hat yn Sint Jabik, Ljouwert en Tsjummearum trije himpplantaazjes fûn. Op de Aldebiltdyk yn Sint Jabik waarden 300 stekken fûn en wie de stroom yllegaal ôftape.

Yn Ljouwert gong it om 220 plantsjes. De plysje kaam de kwekerij oan de Gedempte Keizersgracht op it spoar nei meldings oer wetteroerlêst. Op de Cecilia Benninghastrjitte yn Tsjummearum waarden 16 planten fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)