Topdrokte kleanbank Wolvegea

21 nov 2013 - 15:40
  • Kleanbank

De kleanbank yn Wolvegea kin de fraach nei klean mar kwalik oan. Minsken dy't net in soad te besteegjen hawwe, kinne dêr terjochte. En dat wylst it Centraal Planbureau tongersdei mei sifers kaam dat it konsumintebetrouwen wer wat tanimt. De minsken leauwe der wer yn dat it goed komt en hawwe wer sin om guod te keapjen. Dêr fernimme se by de kleanbank dus neat fan.

Neist klean kin men der ek boartersguod, handoeken en tekkens krije. Elke woansdei komme der sa'n 30 tot 40 minsken.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)