Jacob de Wolff út partij stapt

21 nov 2013 - 15:16

Jacob de Wolff stapt per direkt út Weststellingwerfs Belang. Hy is sûnt 2005 riedslid foar de partij. Neffens him is de gearwurking mei fraksjefoarsitter Ton Mulder al in skoft net optimaal. Nei de ledegearkomste fan woansdei wie foar De Wolff de maat fol.

De Wolff is teloarsteld yn it sânde plak dat de partij foar him yn gedachten hie foar de gemeenteriedsferkiezings yn 2014. Sels hie er rekkene op in twadde plak. Oant de ferkiezings bliuwt De Wolff yn de ried, mar hy beriedt him op syn fierdere politike takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)