Boetes by plysjekontrôles

02 feb 2012 - 10:44

De plysje hat de ôfrûne tiid ekstra kontrolearre op de Egypte by Bûtenpost. Buertbewenners hiene klage oer de hege snelheid fan de automobilisten. Yn kombinaasje mei de fytsende skoalbern levere dat faak gefaarlike situaasjes op. De plysje hat earst warskôgings útdield.

Ofrûne wike binne 17 automobilisten bekeurd foar te hurd riden. Dêrneist binne boetes útdield foar it net dragen fan de autorym, beljen ûnder it riden en it besit fan in radardetektor.

Trefwurden: 
boetes kontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)