Man trapearret ynbrekker
In ynwenner fan Wytmarsum is woansdeitejûn in ynbrekker oer it mad kaam. De man trof yn syn tún op It Merkelân in man oan. De 45-jierrige Wytmarsumer besocht de ynbrekker noch te pakken, mar dy wist te ûntkommen.
Der is in rút fernield, mar it is noch net bekend wat der fuort is.