2200 oanmeldings foar koar Syb

Mei-elkoar 2200 hawwe har minsken oanmeld foar it iepensjongen fan it nije provinsjehûs. Dat sil dien wurde op 22 maaie ûnder lieding fan Syb van der Ploeg. Dy hat spesjaal foar de iepening in liet skreaun. It doel wie dat der 1500 sjongers meidwaan soene.
De provinsje besjocht no yn oerlis mei Syb oft dat mear wurde kinne. De 2200 minsken meitsje diel út fan 70 koaren. Syb is fan doel mei al dy koaren in kear te oefenjen.