Plysje hâldt ynbrekker oan

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei in twadde man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan in ynbraak ôfrûne tiisdei yn in hûs oan de Oenemastate yn Ljouwert. It giet om in 26-jierrige Ljouwerter dy't yn syn eigen hûs oanhâlden is. De man waard tiisdei mei in twadde ynbrekker trapearre troch de bewenner fan it hûs.
Nei in Burgernetaksje koe de plysje ien fan de mannen, in 20-jierrige Ljouwerter, oanhâlde. Ut ûndersyk en mei help fan in goed sinjalemint kaam de plysje de 20-jierrige man op it spoar.