Priis nei Biddle Koatstertille

De priiswinners fan Biddle út Koatstertille
It luchtbehannelingsbedriuw Biddle út Koatstertille hat de ûndernimmerspriis fan Achtkarspelen wûn. Sjuery-foarsitter Joop Atsma makke dat woansdeitejûn bekend op in ûndernimmersbyienkomst yn Surhústerfean. De sjuery wie benammen te sprekken oer it fernijende karakter fan Biddle en de oandacht foar duorsumens yn it bedriuw. By Biddle wurkje 80 minsken.
It bedriuw makket ûnder oare fentilaasjesystemen. It hat festigings yn Kanada, Dútslân, Frankryk en Ingelân.