Ynsidinten mei lânbougif

21 nov 2013 - 07:17
  • Boulân

De GGD yn Noard-Nederlân makket him grutte soargen oer ferskate ynsidinten mei it lânbougif Metam Natrium. Ien fan dy ynsidinten soe plak fûn hawwe by Aldemardum. Dêr krigen omwenners lêst fan hûdútslach en problemen mei it sykheljen. Ek soene der deade fisken fûn wêze. Neffens de GGD wiist dit op kontakt mei Metam Natrium. Dat wurdt brûkt troch leeljekwekers.

De lokale oerheid soe net foldwaande op de hichte wêze fan de gefaren fan dit lânbougif en soe net witte hoe dêr mei om te gean. It VARA-programma Zembla giet hjir tongersdei oer.

Dizze maaitiid hiene ynwenners fan Aldemardum sûnensklachten en it is hiel oannimlik dat dy feroarsake binne troch dat fergif Metam Natrium. Dat seit toksikolooch Martin van den Berg fan de universiteit fan Utrecht yn Zembla. De NVWA hat noait wat fine kinnen, in ûndersyk fan de GGD is wol oankundige, mar noait útfierd.

By it ferbouwen fan leeljes wurdt de grûn ûntsmet mei it middel Metam Natrium. Yn maart fan dit jier barde dat ek op in stik sângrûn by Aldemardum. Der stie doe in hurde wyn en bewenners sizze dat it sân meí it fergif yn har hûzen en tunen bedarre is. Foar de gemeente is it hiel dreech om it ferbouwen fan leeljes tsjin te hâlden. De GGD makket him lykwols hieltyd mear soargen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)