Fragen oer wynmûneplannen

21 nov 2013 - 06:22

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân wol dat der gau dúdlikheid komt oer wat wol en net mooglik is op de Ofslútdyk. Dan giet it benammen oer wynmûnen. De gemeenteried hat al oanjûn dat der gjin parken yn de Iselmar komme moatte, mar op of by de Ofslútdyk en op it lân. It Ryk en de provinsje hawwe lykwols oare plannen, ûnder oare foar in grut park yn de Iselmar.

De riedsleden binne woansdeitejûn bypraat troch amtners fan de gemeente en troch wethâlder Gea Akkerman. In oantal riedsleden is benaud dat it Ryk trochset mei it park yn de Iselmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)