Ek Frysk ûntslach Philadelphia

20 nov 2013 - 21:50

De grutte reorganisaasje by Philadelphia Zorg kostet ek tsientallen Fryske meiwurkers harren baan. Lanlik ferdwine der de kommende twa jier mar leafst 900 banen. Hoefolle fan dy ûntslaggen yn Fryslân falle, kin direkteur Greet Prins noch net sizze. Woansdei krigen alle 7600 wurknimmers in brief oer de reorganisaasje. Dêryn stiet ek dat twongen ûntslaggen ûnûntkomber wêze sille. Ek wurde der in oantal kantoaren sletten. Direkteur Prins siet dat Philadelphia net oars kin troch de miljoenebesunigings op de soarch.

It fakbûn Abvakabo FNV is it net iens mei de ûntslaggen. De kabinetsbesunigings foar de hendikeptesoarch geane pas yn 2015 yn en it fakbûn fynt dêrom dat it net kin om dan al earder te reorganisearjen. Philadelphia biedt ûnder oare soarch yn Snits en Toppenhuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)