'Gearwurking smyt banen op'

20 nov 2013 - 19:42

De gearwurking tusken de havens oan de Waadsee hat de haven fan Harns yn de ôfrûne jierren tsientallen ekstra banen opsmiten. De kommende jierren sille der nochris tsientallen bykomme. Dat is de ferwachting fan wethâlder Maria Le Roy fan Harns.

Woansdei kamen de ferantwurdlike wethâlders fan de waadhavens by elkoar yn Grins om te praten oer de gearwurking. Dêrby is ûnder oare ôfpraten om noch mear yn te setten op de spesjalisaasje fan elke haven. Lykas enerzjybedriuwichheid yn de Eemshaven en skipsbou en reparaasje yn Harns.

Trefwurden: 
Waadgebiet Harns Haven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)