Plysje hâldt 4 Poalen oan

20 nov 2013 - 16:50

Yn de Grinzer Pein hat de plysje woansdei fjouwer Poalen oanhâlden. De fjouwer manlju besochten út te naaien by in plysjekontrôle. Sy bedarren mei har auto yn de tún fan in hûs oan de Provinsjale wei. Trije fan de fjouwer koene fuortendaliks oanhâlden wurde. De fjirde waard justjes letter oanhâlden mei help fan in plysjehûn. De fertochte waard hjirby biten.

De fjouwer wurde der fan fertocht dat se ferline wike yn Surhústerfean besochten om mei falsk jild te beteljen. De winkelman, dy't dat troch hie, joech doe it kenteken oan de plysje.

In wykagint frege doe syn folgers op Twitter om nei de auto út te sjen. Woansdei belle ien fan de folgers nei de plysje. Dy hie de auto stean sjoen yn it Grinslanner Kornhorn. De plysje gie fuortendaliks op ûndersyk út, mar doe't de manlju yn de auto de plysjes seagen naaiden se út. De fjouwer Poalen binne oerbrocht nei it plysjeburo en dêr foar neier ûndersyk ynsletten. De auto fan de manlju is yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)