Snits hat 'slotsjebrêge'

20 nov 2013 - 14:50

Fereale pearkes, dy't mekoar de leafde ferklearje wolle, hoege tenei net mear nei Parys te reizgjen. Woansdei is yn Snits in saneamde slotsjebrêge yn gebrûk naam. Minsken kinne hjir in slotsje oan 'e brêge hingje en de kaai yn it wetter smite. As symboal foar ivige leafde.

De gemeente Súdwest-Fryslân hat mei in lytse oanpassing de brêge yn 'e winkelstrjitte Grootzand geskikt makke as leafdesbrêge. De earste slotsjes binne ophongen troch Harm en Ika Rozenberg út Snits, ter gelegenheid fan harren 50-jierrich houlik.

It inisjatyf foar de slotsjebrêge komt fan de Snitsers Ömer Kaya en Piety van der Veer. De gemeente jout in hingslotsje oan alle pearen dy't dit jier noch trouwe of harren registrearje litte foar partnerskip yn 'e gemeente.

It fenomeen fan de slotsjesbrêge komt út Parys. Yntusken binne oeral op 'e wrâld sokke leafdesbrêgen te finen. Easterwâlde wie de earste yn Fryslân mei sa'n brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)