Messingdief oanhâlden

© ANP XTRA
De plysje hat tiisdei in ynwenner (29) fan Gaasterlân-Sleat oanhâlden. De man wurdt der fan fertocht dat hy messing stellen hat. De messing ôfsluters komme fan in bedriuw dat yn de Sminkefeart oan it baggerjen is. Troch de stellerij kaam it wurk stil te lizzen en dat betsjutte flinke skea foar de oannimmer. Nei ûndersyk waard ien fan de ôfsluters fûn yn it hûs fan de fertochte. De oaren waarden werom fûn by in skroathanneler.
De ôfsluters binne yn beslach naam. De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo en foar neier ûndersyk ynsletten.