Man mislediget konduktrise

20 nov 2013 - 10:59
  • De trein rydt dit wykein net tusken Ljouwert en Harns

In 22-jierrige ynwenner fan Ljouwert is tiisdeitemiddei op it stasjon oanhâlden omdat hy in konduktrise misledige hie. De man wie earder op 'e middei yn 'e trein betrape op it reizgjen sûnder jildich kaartsje. De kondukteurs skreaunen dêrfoar in bon út, mar de man trune der op oan om de oertreding troch de fingers te sjen.

Doe't se dat net woene misledige hy ien fan de kontroleurs. De plysje waard der byhelle en dy hat de man oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo foar it opmeitsjen fan proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)