Grinzers oppakt foar fjoerwurk

20 nov 2013 - 10:36

De plysje hat tiisdeitejûn yn Drachten twa Grinzers fan 23 en 24 jier oanhâlden op fertinking fan de hannel yn yllegaal fjoerwurk. By de aksje fan it miljeuteam fan de plysje waard mear as 50 kilo yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen. It miljeuteam begûn koartlyn in ûndersyk nei de twa Grinzers, omdat de plysje tocht dat it duo yn swier yllegaal fjoerwurk hannele.

De Grinzers waarden oanhâlden op in adres oan de Nachtegaalstrjitte. De fertochten waarden oerbrocht nei it plysjeburo en dêr foar neier ûndersyk ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)